
Nynke en Wytse Willem Pel
Nynke en Wytse Willem oer de Fryske taal en identiteit.
It ferhaal fan Nynke en Wytse Willem
Hjoed ferwolkomje wy Nynke Pel en Wytse Willem Pel, broer en sus. Sy sille ús fertelle oer de Fryske taal dy’t sy sprekke. Sy sille it hawwe oer de skiednis fan it Frysk en de Fryske identiteit. Nynke en Wytse Willem binne opgroeid yn Fryslân mar wenje op it stuit allebei yn Leiden.
Djipte-interview ôfnommen troch Arlette de Rijke
Oersetten troch Nynke Pel en Wytse Willem Pel
Nynke en Wytse Willem over de Friese taal en identiteit.
Nynke en Wytse Willem on the Frisian language and identity.
Wolkom Nynke en Wytse Willem. Jim binne hjir hjoed om wat te fertellen oer de Fryske taal. Ik bin hiel benijd nei jim ferhaal. Soene jim jimsels foarstelle wolle oan ‘e lêzers?
Nynke: Ja, fansels. Myn namme is Nynke Pel. Ik bin 27 jier âld. Ik bin opgroeid yn Fryslân, mar ik bin foar myn stúdzje nei Leiden ferhûze. Op it stuit wurkje ik by in non-profit organisaasje dy’t strydt tsjin kânsûngelikens ûnder it jongerein. Dêrneist doch ik de pabo en hoopje ik ynkoarten as juf foar de klasse te stean. Earder haw ik Midden-Eastenstúdzjes studearre oan de Universiteit Leiden. Wylst ik dit die haw ik in bytsje Persysk leard, mar de talen dy’t ik echt floeiend sprek binne Frysk, Nederlânsk en Ingelsk.
Wytse Willem: En ik bin Wytse Willem Pel. Ik bin 22 jier âld en ik wenje ek yn Leiden. Ik studearje taalwittenskip en klassike talen oan ‘e Universiteit Leiden. Tidens myn stúdzje lear ik dus Âldgryksk en Latijn. Fierder sprek ik krekt lykas Nynke Frysk, Nederlânsk en Ingelsk.
Tank. Ik haw lêzen dat ‘it Frysk’ eins ferwiist nei ferskate besibbe talen, nammentlik it Saterfrysk, it Noardfrysk en it Westerlauwersk-Frysk. Jim binne opgroeid mei it Westerlauwersk-Frysk, dat yn ‘e Nederlânske provinsje Fryslân sprutsen wurdt. Wolle jim wat mear fertelle oer dizze trije talen?
Nynke: Ja, fansels. Je hawwe yndie ‘de Fryske taal’, en at de minsken hjiroan tinke, bedoele se eins it Westerlauwersk-Frysk, dat yn ‘e Nederlânske provinsje Fryslân sprutsen wurdt. Lang lyn wie der in folk, ‘de Friezen’, dat yn in gebiet lâns de kust fan Denemarken, Dútslân en Nederlân wenne. Sy sprutsen doe allegear likernôch deselde taal. Yn guon gebieten binne dêr noch spoaren fan oerbleaun, mar trochdat dizze gebieten al in lange tiid ôflein lizze fan inoar, binne de talen wol ôfsûnderlik trochûntwikkele. Ik wit dêrom net oft wy dy oare talen no noch ferstean soene.
Dizze trije talen hawwe dus harren oarsprong yn deselde taal, mar binne ferfolgens út inoar groeid …
Wytse Willem: Ja, dat kloppet. Eartiids wie it gebiet dêr’t min Frysk spruts folle grutter, mar no binne it eins inkeld noch lytse ‘eilantsjes’. Dat grutte gebiet is hûnderten jierren lyn út inoar fallen. Fanôf dat stuit is it Frysk dat doe yn dat grutte gebiet sprutsen waard útien groeid ta de hjoeddeistige foarmen. Beëasten fan it hjoeddeistige Fryslân hat it Saksysk in soad ynfloed hân. It Saksysk waard dêr hieltiid mear brûkt yntstee fan it Frysk, oant it gebiet hast hielendal ‘fersaksyskt’ wie.
It Saksysk. Kinsto de lêzers útlizze wat dat krekt is?
Wytse Willem: Ja, mar it is in bytsje ferwarrend. Ten earste binne der de Angelsaksen, dy’t rûn it jier fiifhûndert fanút Dútslân en Denemarken nei Ingelân en Fryslân lûke. De taal dy’t sy prate soe de basis foarmje foar it Ingelsk en it Frysk. It Saksysk dat fanôf de lette midsieuwen it Frysk ferdriuwe sil út bygelyks Grins is de taal fan ‘e Saksen dy’t efterbleauwen yn Dútslân. Sa spile de taal fan ‘e Saksen earst in rol by it ûntstean fan it Frysk en letter by it ferdwinen derfan.
Hoe binne de Fryske taal en it folk ‘de Friezen’ dan eins ûntstien?
Wytse Willem: Dan moatte wy werom nei it jier twahûndert. Yn dy perioade stiigde de wetterhichte hieltiid mear, wêrtroch de minsken dy’t oan de kust yn it hjoeddeistige Nederlân wennen (dy’t harsels doe de Friezen neamden) úteins ferhûzje moasten. Rûn it jier fjouwerhûndert wie it lân dêrtroch frij leech. Yn Súd-Denemarken libben de Angelen en yn Noard-Dútslân de Saksen. Omdat der sprake wie fan oerbefolking wiene de Angelsaksen twongen om nij lân te finen. Yn dyselde tiid stoartte it Romeinske ryk yn. De Romeinen ferlieten Ingelân, fanôf dy perioade binne in soad Angelen en Saksen nei Ingelân lutsen. In diel fan harren is ûnderweis nei Ingelân yn Fryslân telâne kommen en is dêr bleaun.
Koene de Angelsaksen dêr dan komme omdat de wetterhichte wer sakke wie?
Wytse Willem: Ja. It nijsgjirrige is dat de Angelsaksen de namme ‘Friezen’ oernommen hawwe. Dat betsjut dat der lâns de kust dochs noch in lytse groep oerbleau dy’t harsels de Friezen neamde. De Angelsaksen hawwe nammentlik net sein ‘wy hjitte de Angelen’ of ‘wy hjitte de Saksen’, se binne harsels dêrnei wol Friezen neamen gien.
De Angelsaksen lutsen dus nei Ingelân, mar in diel fan harren is yn Fryslân efterbleaun. Ik haw lêzen dat it Âldfrysk it soad weihat fan it Âldingelsk, kloppet dat?
Nynke: Ja, dat kloppet. At je it Âldingelsk en it Âldfrysk neist inoar lizze, dan sjogge je in soad oerienkomsten. Se hawwe in lange tiid deselde taalûntwikkelings trochmakke.
Wytse Willem: Dat komt dus ek troch dy perioade fan folkeferfarren en dy ynstoarting fan it Romeinske Ryk. Oant it jier fjouwerhûndert is der likernôch noch ien taal, it West-Germaansk. Der is dan noch gjin ferskil tusken de taal dy’t letter it Nederlânsk of it Dútsk wurde soe, dat is allegear noch itselde. Nei fjouwerhûndert ûntsteane der wat dialekten. Der ûntsteane dan hiel subtile ferskillen. Ien groep fan dy dialekten wurdt it Ingveaeoonsk neamd.
It Ingvaeoonsk?!
Wytse Willem: Ja, it Ingvaeoonsk. Dat is in groep West-Germaanske talen wêrút letter it Âldfrysk, it Âldingelsk, en diels it Âldsaksysk ûntstean sille. Se diele nammentlik in pear subtile klankûntjouwings dy’t oare West-Germaanske net trochmakke hawwe.
Nynke: Dat kinne je wol hearre at je guon wurden útsprekke, je hearre dan in soad oerienkomsten. Tsjinwurdich lykje it Ingelsk en it Frysk fansels net mear sa’n soad op inoar, mar de bân blykt noch wol út guon wurden. It Fryske wurd ‘kaai’ (sleutel) is yn it Ingelsk ‘key’.
Wytse Willem: Ja, en yn it Ingelsk hawwe je ‘us’ en yn it Frysk hawwe je ‘ús’. Yn it Nederlânsk seit min ‘ons’. Je sjogge dan dat hjir yn de ûntjouwing fan ‘e taal in -n- fuortfallen yn sawol it Frysk as it Ingelsk.
Nynke: Ja, en bygelyks dat in ‘k’ somtiden ‘ts(j)’ wurden is. Yn it Nederlânsk seit min bygelyks ‘kaas’ en yn it Dútsk seit min ‘Käse’. Yn it Ingelsk is dat ‘cheese’ en yn it Frysk ‘tsiis’. Dêr sjogge je dus ek dat it Âldfrysk en it Âldingelsk deselde klankûntjouwings trochmakke hawwe.

“Ik soe sizze: ‘Jou it troch oan dyn bern.’ Want ja, it fielt dochs wol hiel moai om Frysk te wêzen.”
Wytse Willem Pel
Hoe komt it eins dat it Frysk behâlden bleaun is en net opgien is yn it Nederlânsk?
Wytse Willem: Dat is in hiel lêstige fraach. Oant yn ‘e lette misdieuwen bestie it Frysk yn in ûnôfhinklik lân, dêrmei bedoel ik dat it net regearre waard troch in greve of hartoch. De naasjesteat Nederlân is noch net sa âld. Faaks hat der noch net genôch tiid foar west.
Nynke: Faaks sil dat noch barre.
Wytse Willem: Ja, wa wit. Eartiids bestie der fansels ek gjin ienheidstaal, doe hiene je in soad ferskillende dialekten. Pas sûnt de santjinde ieu is it sa dat it idee fan ien naasjesteat en ien taal gongber wurdt. Dêrom wie der foar dy tiid gjin taal dy’t it Frysk oeral hielendal ferdriuwe koe.
Nynke: Ja, der wie doe noch net ien gebiet of ien lân dat sei: ‘Der moat hjir no oeral deselde taal sprutsen wurde.’ De lêste ieuwen sjogge je wol dat it Frysk mear ynfloed ûndergiet fan it Nederlânsk. Yn it Frysk hawwe je bygelyks in soad lange klanken. Iens yn de pear jier ûndersiket min hoe lang minsken dy klanken oanhâlde yn harren taalgebrûk. Je sjogge dat de útspraak eltse tsien jier wat koarter wurdt. Hjiroan sjogge je wol dat der in ynfloed is fan it Nederlânsk.
Tinke jim dat it Frysk ea ferfongen wurde sil troch it Nederlânsk?
Nynke: Dat is, tink ik, lêstich te sizzen. Ik tink yn elts gefal net op ‘e koarte termijn barre sil. Persoanlik fyn ik de diversiteit oan talen hiel moai, dus ik soe it sûnde fine as it Frysk ferdwynt. In soad minsken beskauje it Frysk as in wichtich ûnderdiel fan harren identiteit, dêrom tink ik dat it Frysk net samar ferdwine sil.
Wytse Willem: Ja, ik tink dat it noch wol in pear hûndert jier duorje sil. In taal ferdwynt ek net spoarleas. It is in hiel stadich proses. Der komme hieltiid mear lienwurden, en de sinsopbou feroaret. Der binne Fryske wurden dy’t faaks noch mear as achthûndert jier bestean sille, mar it kin ek dat yn it jier 2500 der noch mar 10 prosint fan ‘e wurden oarspronklik Frysk is.
Nynke: Ik haw wol it idee dat it Frysk oan terrein ferliest. Myn pake krige op de basisskoalle bygelyks ûnderwiis yn it Frysk, wylst ús basisûnderwiis yn it Nederlânsk wie. Je sjogge ek dat guon Fryske âlden harren bern tsjinwurdich bewust yn it Hollânsk grutbringe omdat se it nut fan it Frysk net mear ynsjogge. Ûndertusken hat it Frysk noch wol in sûne status, it is noch gjin útstjerrende taal lykas it Gaelic yn Ierlân.
Do seidest krekt ek dat de Fryske taal wichtich is foar de identiteit fan ‘e Friezen. Wat draacht noch mear by oan dizze identiteit?
Nynke: Ik tink dat neist de taal, de flagge, en ek it lânskip en de rêst dy’t dêrby heart, wichtich binne foar de Fryske identiteit. De provinsje hat in prachtich lânskip mei marren en útstrekte greiden. De flagge spilet ek in wichtige rol. Sels haw ik bygelyks altyd in Fryske flagge oan myn rêchpûde at ik nei it bûtelân reizigje, en dat sjoch ik ek by oaren werom. In protte minsken plakke bygelyks in stikker fan ‘e flagge op harren auto. Ik haw ek in breide trui mei de Fryske flagge derop. Doe’t ik dizze oanhie troch myn reis troch Austraalje, wiene der minsken dy’t harren auto stilsetten lâns de dyk, it raamke nei ûnder draaiden en doe seine: “Oh wat moai, wat moai!” Dus dat sit wol djip.
Wytse Willem: Dat tink ik ek. Ik freegje my ôf hoe âld de Fryske identiteit eins is. Ik wit wol dat der Fryske teksten besteane út de midsieuwen wêryn’t skreaun waard oer de Fryske taal. Yn dy tiid hearske al it idee ‘Wy hawwe in taal dy’t oars is as it Nederlânsk’, of dat wat der doe yn Nederlân sprutsen waard. Yn dizze teksten beneamden se de Fryske taal blykber wol as eigen identiteit, mar it konsept dat wy no by kulturiele identiteit hawwe, dat is pas rûn de njoggentjinde ieu ûntstien.
Tinke jim dat Friezen grutsker binne op harren ôfkomst, taal en provinsje as Nederlanners út oare provinsjes?
Nynke: Ja, ik tink wol dat Friezen grutsker binne op harren provinsje as in soad oare Nederlanners. At je oan minsken freegje: ‘Wêr komsto wei?’, Dan identifisearje in soad Nederlanners har mei it wênplak wêr’t se weikomme. In soad Friezen soene as antwurd jaan: ‘Ik kom út Fryslân.’ Sy identifisearje har mear mei de provinsje. Je kinne it faaks ferglykje mei Katalanen of Basken dy’t ek tige grutsk binne op harren eigen taal en kultuer.
Wytse Willem: Friezen binne grutsk op harren ôfkomst, guon Friezen sizze bygelyks ek: ‘Wy stamme ôf fan de Wytsingen,’ of ‘It Nederlânsk stamt fan it Frysk ôf.’ Dat kloppet net. Mar der libbet wol in idee dat de Friezen in ieuwenâld folk binne.
Nynke: Yn Fryslân spilet it folksliet ek in gruttere rol as yn oare provinsjes. Wat ik nijsgjirrich fyn, is dat der yn ‘e njoggentjinde ieu yn hiel Europa nasjonalistyske sintiminten libben. It Fryske folksliet en ferskate Fryske sporten, lykas keatsen, binne doe oan de Fryske identiteit ferbûn. It Fryske folksliet waard doe pas skreaun. Minsken tinke somtiden dat it keatsen in ieuwenâlde Fryske sport is, mar dat kloppet net. It idee dat dizze ferskynsels al fanôf it begjin by de Fryske identiteit hearre, is dus in bytsje keunstmatich.
Wytse Willem: It hat yndie in soad te krijen mei nasjonalisme. Doe pas binne wy bepalen gien ‘Dit is écht Frysk.’ Yn dy tiid is der bygelyks ek mear omtinken kommen foar de Fryske taal. Skriuwers fersammelen yn dy tiid mearkes lykas de bruorren Grimm dat yn Dútslân dienen.

Wytse Willem Pel - Winterferske
It Frysk is binnen Fryslân ek erkind as in offisjele taal, wylst dialekten yn oare Nederlânske provinsjes dizze status net krigen hawwe. Wat is jim miening dêroer?
Nynke: It Frysk is yn ‘e provinsje Fryslân yndie in erkinde taal. Je meie it Fryks bygelyks brûke yn ‘e rjochtbank, dat meie je mei dialekten yn oare provinsjes net. Ik fyn it goed dat it Frysk, dat klassifisearre is as taal, ek as sadanich erkind wurdt. Wannear’t in taal erkind wurdt, dan giet der finansiering hinne en wurdt der ek belied oer makke. De provinsje Fryslân biedt bygelyks Frysktalich ûnderwiis oan op basisskoallen. Ik soe net sizze dat allinne it Frysk dizze status hawwe mei. At der oare dialekten úteins ek klassifisearre wurde as taal, dan fyn ik dat dy deselde posysje fertsjinje. Ik fyn dat dêr dan ek in stikje omtinken, erkinning en finansiering foar komme moat.
Wytse Willem: Ja, dat fyn ik ek.
Hoe wurdt it ûnderskied tusken in taal en in dialekt dan makke? Wannear meie je eat eins in taal neame?
Wytse Willem: Ik fyn it lêstich om dêr in útspraak oer te dwaan, mar neffens my is ien kritearium dat der âldere skreaune taalfases wêze moatte. Fan in soad Nederlânske dialekten binne der, tink ik, gjin teksten út ‘e midsieuwen, mar fan it Frysk wol. Tidens myn stúdzje taalkunde waard dizze fraach ek steld, en doe seinen se: “In taal is in dialekt mei in leger en in float.” In dialekt kin dus in taal neamd wurde wannear’t it soart polityk gewicht hat. Faaks hat it Frysk dat krekt genôch hân, mar oare dialekten net.
Jim binne opgroeid mei beide talen. Hoe wie dat foar jim?
Nynke: Ús âlden hawwe ús opfoede yn it Frysk, dus dat is ús memmetaal. Sy hawwe nea Nederlânsk tsjin ús sprutsen, en ek mei de rest fan de famylje prate wy inkeld mar Frysk. At ik dat oan minsken fertel, fine se dat faak hiel frjemd. Ik haw Nederlânsk leard troch myn fermidden, tink ik. Bygelyks op it pjutteboartersplak, troch freontsjes en freondintsjes, en troch telefysje. Ik tink dat it wol wichtich is dat in bern neist it Frysk ek de Nederlânske taal oanbean krijt. Oars kin in bern wol in efterstân oprinne yn it Nederlânsk.
By jim thús waard der dus allinnich Frysk sprutsen, mar yn jim omkriten sprutsen in soad minsken ek Nederlânsk. Hoe is it foar jim om te skeakeljen tusken dizze twa talen?
Nynke: Ik koe, en kin no noch hieltiid, snel skeakelje tusken de twa talen. Ik kin ek healwei in sin ‘overgaan in het Nederlands, dat maakt voor mij niets uit.’ Ik haw noch wol sa no en dan dat ik sinnen troch inoar helje, dat ik bygelyks Fryske útdrukkings yn it Nederlânsk brûk.
Wytse Willem: Ik koe en kin ek noch hieltiid goed skeakelje tusken beide talen. Ik kin my ek net herinnerje dat ik bewust twatalich opgroeid bin. Dat besef is eins pas letter kommen. As bern hie ik dêr hielendal gjin wit fan, dus it hat nea foar problemen soarge.
De measte minsken yn Fryslân kinne inkeld Frysk prate, mar jim kinne it ek skriuwe …
Wytse Willem: Ja, ik haw in grutte ynteresse yn ús taal. Ik fûn it wichtich om myn memmetaal sawol lêze as skriuwe te kinnen. It Nederlânsk skriuwe je gruttendiels lykas je it útsprekke, mar it Frysk skriuwe je faak oars as hoe’t je it útsprekke. It Frysk hat ek mear lêstekens, lykas dakjes en skeane streepkes. Dat makket it lêzen en skriuwen yn it Frysk bêst dreech. Dêrom binne der in soad minsken dy’t wol Frysk sprekke, mar it net sa goed lêze en skriuwe.
Nynke: Troch de opkomst fan social media is de jongerein wol mear Frysk skriuwen gien. Ik haw dêr lêst in dokumintêre oer sjoen op Omrop Fryslân. Der is troch social media in oplibbing fan it Frysk, mar dit giet wol ten koste fan de gevens fan ‘e stavering. De jongerein skriuwt it Frysk nammentlik lykas sy it útsprekke . Oer dizze ûntjouwing binne der ferskate mienings. Guon minsken fine it in negative ûntjouwing omdat de staveringsregels net goed brûkt wurde. Der binne júst ek minsken dy’t it goed fine, omdat de jongerein de taal libjend hâldt. Ik fyn dat sels in nijsgjirrige diskusje.
Ja dat is yndie nijsgjirrich. Ik tink dat der foar beide kanten wol wat te sizzen is, ek omdat de taal in wichtich diel is fan de Fryske identiteit. In protte minsken fine it dan wierskynlik wichtich dat de Fryske taal behâlden wurdt en net te bot feroaret.
Nynke: Ja, feroaret. Mar har ek oanpast oan it Nederlânsk. De jongerein past ommers Nederlânske staveringsregels ta by it tipen. Ik wit noch net sa goed wat myn miening dêroer is, mar ik fyn it wol moai dat de Fryske jongerein mei inoar kommunisjearret yn it Frysk. Ek al is dat net altyd geef. Omrop Fryslân hat tsjinwurdich in Instagramside wêrop’t se Fryske memes poste. Dat is in hit ûnder de jongerein. Ik fyn dat moai want it hâldt de taal libjend.

“Ik soe tjsin eltsenien sizze wolle: ‘Wês grutsk op de taal dytsto praatst, draach it út en jou it wer troch.’”
Nynke Pel
Hawwe jim tips foar minsken dy’t Frysk leare wolle?
Nynke: De Fryske organisaasje Afûk biedt taalkursussen oan op ferskate nivos. Ús mem hat bygelyks koartlyn op 55-jierrige leeftiid besletten om in kursus te folgjen sadat se neist it lêze ek geef Frysk skriuwe kin. It Frysk is tsjinwurdich ek opnommen yn Google Translate. Dat is bard troch middel fan in initsjatyf wêrby’t Friezen frege waard om allegear wurden en sinnen oer te setten. Faaks kinne minsken dêr de earste stappen mei sette.
Wytse Willem: Je kinne ek in protte Fryske teksten en videos fine op de webside fan Omrop Fryslân.
Binne der ek initsjativen spesifyk foar it behâld fan ‘e Fryske taal?
Nynke: Ja, der is in oerkoepeljende organisaasje fan sprekkers fan minderheidstalen yn Europa wêr’t in Fryske delegaasje diel fan útmakket. Dêrneist stiet yn Ljouwert de Fryske Akademy wêr’t ûndersyk dien wurdt nei de Fryske taal. Harren befinings kinne posityf bydrage oan it behâld fan ‘e Fryske taal.
As lêst, wolle jim noch wat meijaan oan de lêzer?
Nynke: Der hawwe yn de skiednis ferskate pogings west om eltsenien ien taal prate te litten, bygelyks de keunsttaal Esperanto. Ik wol ôfslutend mei klam sizze dat ik it ferskeidenheid oan talen júst moai fyn, omdat it ûnderdiel is fan in kultuer en guons identiteit. Ik hoopje dat wy dizze talen libjend hâlde kinne. Ik soe tjsin eltsenien sizze wolle: “Wês grutsk op de taal dytsto praatst, draach it út en jou it wer troch.” At ik ea bern krij, dan soe ik harren altyd yn it Frysk grutbringe.
Wytse Willem: Ik slút my dêr hielendal by oan. En dat jildt ek foar dialekten. In dialekt is net minder moai omdat it gjin taal neamd wurdt. Ik soe sizze: “Jou it troch oan dyn bern.” Want ja, it fielt dochs wol hiel moai om Frysk te wêzen.
Dat fyn ik in moaie ôfsluting, tige tank foar jim ferhaal.
Want to learn more about the Frisian language?
To Read and Watch: Omrop Fryslân
The regional broadcaster (radio and television) of Friesland and news articles to read.
To Learn Frisian: Afûk
The organisation in Friesland that promotes the Frisian language and culture with materials to learn Frisian by self-study.
To Discover: Fryske Akademy
The Fryske Akademy is dedicated to fundamental and applied scientific research into the Frisian language, history, and culture.

Interested in more content? You can find EQ on: